Myn namme is Monique en ik bin al jierren wurksum as GZ-psycholoog. In myn wurk haw ik in soad te meitsjen hân mei ferskate problematieken; fan mylde oant earnstiche psychische klachten en psychiatrie en ek lichaamlike klachten. De soarch en oandacht hjirrefoar haw ik binnen teams jaan kinnen troch gearwurking, mar ek yndividueel. Dit haw ik dwaan kinnen binnen ynstellings foar minsken mei harsenskea, binnen de reïntegraasje en ek binnen de ferslavingssoarch, wer ik hjoed de dei ek nog mei in soad passy minsken behannelje. Myn wurkerfaring en persoanlike ynteresse is dertroch breed.
Wat ik sa moai fyn yn myn fak is it oangean fan in ferbining mei de oar; disse ferbining stiet sintraal. It contact mei de oar út oprjochte ynteresse en nijsgjirrigens, sûnder oardiel, om tegearre ûntdekke te kinnen hoe de grip op emoasjes en spanningen werom krigen wurde kin. Sykje nei de fearkrêft en mooglikheden fan in persoan en disse wer mear op e foargrûn te krijen as júst nije te ûntdekken. Oandacht foar it fergrutsjen fan it selsbyld, wertroch men mei oare eagen nei sichsels, oare minsken en de wrâld om harren hinne sjen giet. Dy syktocht gean we tegearre oan troch oars te tinken en te dwaan (CGT) en ek praktysk en rjochte op de oplossing, werby er alle romte is foar it ervaren en trochmeitsjen fan de emoasjes en spanningen dy dat mei sich mei bringe kin. Ek EMDR kin hjirby helpend wêze.
Jo kinne mei my in ôfspraak meitsje yn’e Gordyk op de woansdeitemoarn.